Radomski yn Poalske seleksje

28 jan 2003 - 00:00

Arek Radomski fan SC Hearrenfean is selektearre foar it Poalske nasjonale alvetal. It is foar Radomski de earste kear dat er foar dat team útkomme mei. Poalen spilet op 12 febrewaris yn Split tsjin Kroatië. Radomski tanket syn útferkiezing nei alle gedachten oan de nije bûnscoach fan Poalen.

Twa oare spilers fan Hearrenfean binne oproppen foar it Finske alvetal foar spilers ûnder de 21 jier. Dat binne Mika Väyrinen en Hannu Haarala.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)