Stoelinga gjin LPF-listlûker

28 jan 2003 - 00:00

Thomas Stoelinga fan Pitersbierrum is gjin listlûker mear foar de LPF foar de provinsjale steaten. Stoelinga hat him fanwege privee-problemen weromlutsen. Hy fynt it net ferstannich om him dêrom foar langere tiid oan de partij te binen. Syn plak wurdt oernommen troch de nûmer twa op de list, Oosterhuis.

Stoelinga waard op 16 jannewaris troch de LPF-leden keazen ta listlûker.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)