Plysje lost grut tal ynbraken op

28 jan 2003 - 00:00

Mei de oanhâlding fan seis jonge ynwenners fan Ljouwert en Frjentsjer hat de plysje Midden-Fryslân in grut tal ynbraken oplost. De jongerein, fan tusken de 17 en 20 jier âld, bruts ûnder oaren yn yn de nije studinte- wenten yn it Rengerspark yn Ljouwert.

Ek binne de seis ferantwurdlik foar it stellen fan 3500 strippekaarten op it Ljouwerter busstasjon. Meiïnoar waard der foar 125.000 euro stellen, wylst der foar 75.000 euro skea ûntstie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)