Steateferkiezings: alve partijen

28 jan 2003 - 00:00

Alve politike partijen dogge op 11 maart in goai nei ien of mear sitten yn de Provinsjale Steaten. Dat docht bliken no't de deadline foar it oanmelden foar de ferkiezings ferstrykt is.

Neist de partijen dy't no al in sit hawwe, dogge dit jier de SP en de LPF foar it earst mei. Dêrneist besiket de Nieuwe Communistische Partij dit jier ek om mei ien of mear sitten yn de Steaten te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)