Keapers foar gemeentehûs Kollum

28 jan 2003 - 00:00

Der binne al trije gadingmakkers foar de trije kantoargebouwen fan it gemeentehûs oan de Foarstrjitte yn Kollum. Dat komt yn april leech te stean, om't de 120 amtners dan oergeane nei it nije kantoar oan de râne fan it doarp.

Yn it âlde gemeentehûs moat in publykslûker komme. Mar oan it haadgebou, in monumint út 1808, mei net yngripend ferboud wurde. De gemeente freget der 950.000 euro foar.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)