Keninklik pear iepent útstalling

27 jan 2003 - 00:00

Prins Willem Alexander en prinses Máxima ha moandei de útstalling De Fryske Nassaus iepene. Tegearre knipten se in lintsje troch by de restaurearre keamer fan Maria Louise yn museum It Princessehof.

Nei de plechtigheid beseach it keninklik pear de útstalling. Dy jout in byld fan it libben fan de Fryske Nassaus, fan wa't de keninklike famylje ôfstamt. By Tresoar krige it pear it argyf fan de Fryske Nassaus oerlange.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)