Imago soarch moat better

27 jan 2003 - 00:00

Soarchynstellings moatte har imago ferbetterje, oars komme der grute personielstekoarten. Dat is ien fan de útkomsten fan in ûndersyk nei de arbeidsmerk yn de handikapte- en âldereinsoarch.

As der neat feroaret sil der yn 2005 lanlik in tekoart fan mear as tûzen minsken wêze. En dat wylst troch de fergrizing de fraach nei soarch tanimt. De soarch moat dêrom mear oansprekke. Ek moat it syktefersom tebek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)