Asylsikers Amelân moatte fuort

© Omrop Fryslân
De 58 asylsiker dy't wegerje har opfang op It Amelân te ferlitten, moatte fan de rjochter dochs fuort. Dy bepaalde dat moandei yn in koart pleit dat it opfangorgaan foar asylsikers (COA) tsjin de bewenners fan it asylsikerssintrum oanspand hie.
Neffens de rjochter bepaalt it COA wêr't in asylsiker komt en mei dy ek minsken oerpleatse. De flechtlingen woene oant de simmer bliuwe, sadat har bern de skoalle ôfmeitsje kinne.