Koart nijs

27 jan 2003 - 00:00

By Nijehoarne is moandei in man út Ljouwert ferwûne rekke. Hy ried fierstente hurd oer de Tsjongerfallei en rekke yn de berm. Dêrnei sloech de auto trije kear oer de kop. De man is yn it sikehûs behannele, de auto is folslein fernield.

Tusken Harns en Surch hat moandei in botsing west tusken in auto en in frachtwein. Nimmen rekke dêrby ferwûne. De oerlêst foar it ferkear bleau beheind.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)