Waad benaud foar gefolgen ramp

© Omrop Fryslân
Skylger ûndernimmers wolle klear wêze op in eventuele ramp op see. Dêrom organisearje se heal maart op it eilân in kongres 'zwart getij'. Oanlieding is de ramp mei de oaljetanker Prestige lêsten foar de kust fan Spanje.
Dielnimmers as rederijen, oerheid en miljeu-organisaasjes moatte neitinke oft der genôch dien wurdt om rampen foar te kommen. Se moatte ek sjen oft de regels fan de gefolgen fan in ramp yn it kwetsbere Waadgebiet goed binne.