Huizinga wer yn Twadde Keamer

27 jan 2003 - 00:00

Tineke Huizinga fan It Hearrenfean komt wer yn de Twadde Keamer foar de ChristenUnie. De Kiesraad brocht moandei de offisjele yndieling nei bûten. De partij hie fjouwer sitten yn de Keamer, mar ferlear ien by de ferkiezingen foarige wike.

Huizinga komt dochs yn de Keamer om't se mear stimmen krigen hat as Leen van Dijke, de nûmer trije op de list. Mei de foarkarstimmen komt se dus dochs yn de Twadde Keamer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)