C1000 yn Stiens bêste supermerk

27 jan 2003 - 00:00

De supermerk C1000 yn Stiens is de bêste fan de winkelketen yn hiel Nederlân. Goed 400 supermerken ha ferline jier meidien oan in grutte kompetysje. De wedstriid duorre mear as acht moannen.

In sjuery beoardiele de winkels op klantfreonlikens, fakkennis fan de meiwurkers en de presintaasje fan de supermerk. Stiens kaam mei in supermerk yn Made as bêste út de kompetysje. De meiwurkers winne in wykein Eurodisney.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)