Helder wint Lytske Aaipop

© Omrop Fryslân
Helder út Drachten hat sneon Lytske Aaipop wûn. De sjuery ûnder lieding fan Beart Oosterhaven fûn de band fan de bruorren Wagenaar de bêste. In dield twadde plak wie foar Pierewaayer en sjongeres Welmoed Fearsma út Gytsjerk.
Alle trije winners meie spylje op it festival foar Frysktalige muzyk Aaipop dat tradisjoneel twadde Peaskedei yn Nijlân hâlden wurdt. Op de njoggende edysje fan Lytske Aaipop stienen acht groepen. Der wienen goed 300 besikers.