Oarsaak oanfarring skip ûndúdlik

26 jan 2003 - 00:00

It is noch net dúdlik wannear't begûn wurdt mei de berging fan it skip Assi Eurolink. It frachtskip sonk sneon yn de Noardsee boppe Skylge nei oanfarring mei in Sweedsk frachtskip. It wrak is markearre mei boeien.

De eigner fan it sonken skip, Wagenborg Shipping yn Delfsyl, begrypt net hoe't de skippen by elkoar opfarre koenen. Beide stjoerlju hienen krekt derfoar noch kontakt mei elkoar hân. De oarsaak fan de botsing wurdt ûndersocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)