Ljouwerter op fredesmissy

26 jan 2003 - 00:00

Cor Keijzer út Ljouwert giet nei Irak. As iennige Europeaan wurdt er ôffurdige troch de organisaasje Church and Peace nei it lân fan Saddam Hussein. De âld- dûmny (66) wol yn it lân fertelle dat der genôch minsken op de wrâld binne dy't gjin bommen op Irak goaie wolle.

De fredesaktivist is derfan oertsjûge dat in dialooch in bettere metoade fan konfliktoplossing is as geweld. Syn missy begjint 1 febrewaris en duorret twa wiken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)