Degradaasje driget foar Geaën

26 jan 2003 - 00:00

Kuorbalklub De Lege Geaën liket mar ien seizoen yn de haadklasse te bliuwen. De ploech út Sibrandabuorren ferlear sneon mei 17-22 fan Top út Sassenheim. Dêrmei bliuwe de Friezen op it lêste plak yn de haadklasse A mei mar twa punten út tsien wedstriden.

Earder dit seizoen wûn De Lege Geaën noch mei 21-17 fan Top by de útwedstriid. Dat wie de earste oerwinning fan de Friezen yn de haadklasse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)