Vlasveld twad by wintertriatlon

26 jan 2003 - 00:00

Marianne Vlasveld is sneon twad wurden yn de wintertriatlon fan Wildhaus yn Switserlân. Vlasveld, dy't yn Reahel wennet, moast de Dútse Sigrid Lang foar har dulde op de ûnderdielen ATB en langlauf. Op it technysk drege parkoers fan de earste wrâldbekerwedstriid lei Vlasveld in goede tarieding ôf foar it EK. Dat kampioenskip is nije wike yn it Slowaakse Donavaly.

Vlasveld is de regearjend wrâldkampioene yn de dissipline.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)