Stam wint klaaipiipsmoken

26 jan 2003 - 00:00

George Stam is kampioen klaaipiipsmoke. De smoker út Den Helder koe syn piip twa oeren en hast santjin minuten brânende hâlde. Yn Snits waard sneon it Iepen Frysk Kampioenskip Klaaipiipsmoke hâlden. Goed 40 smokers út Fryslân, Nederlân en België dienen mei.

Mei trije gram moasten de dielnimmers besykje de klaaipiip sa lang mooglik oan te hâlden. Hâlder fan it Nederlânsk rekord piipsmoken, Rients de Jong, wie favoryt. Mar Stam wie dus better.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)