Hulzebosch wint op Weissensee

25 jan 2003 - 00:00

Erik Hulzebosch hat sneon op de Weissensee yn Eastenryk foar de fjirde kear de iepen Nederlânske maratontitel ferovere. Heideman waard twadde en Angenent tredde. By de froulju wûn Daniëlle Bekkering út Den Ham.

Carl Draaier fan Nijemardum waard earder op 'e dei op 'e Weissensee Nederlânsk kampioen by de feteranen. Draaier lei fan begjin ôf oan op kop. Mei Limburger Van Aken en Slomp út Ruinen lieten se it peloton achter har.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)