Gjin skate-off foar Ritsma

25 jan 2003 - 00:00

Rintsje Ritsma docht net mei oan de skate-off yn Hearrenfean takom woansdei. Hy hat him by de KNSB ôfmeld. Ritsma soe mei de skate-off in startbewiis foar de World Cup-wedstriid yn Baselga bemachtigje kinne.

Troch syn sulvren medaille op it EK is Ritsma al wis fan dielname oan it WK yn Gothenburg. Hy hat dêrom net sa'n belang by de World Cup. Boppedat past de wedstriid net goed yn syn treningsskema.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)