Hantekens foar better asylbelied

© Omrop Fryslân
Goed 3500 Friezen hawwe in petysje ûndertekene dêr't it regear yn frege wurdt in humaner asylbelied te fieren. De aksje waard organisearre troch Vluchtelingenwerk en de Raad van Kerken.
Doel is om it nije regear te freegjen minsken dy't al jierrenlang sûnder status yn Nederlân binne, better te behanneljen. De hantekens, lanlik binne dat der 50.000, wurde oerlange oan kabinetsformateur Donner.