'Haider net by priisútrikking'

25 jan 2003 - 00:00

De Nederlânske organisaasje fan de alternative Alvestêdetocht op de Weissensee yn Eastenryk wol net dat Jorg Haider de prizen útrikt. De gouverneur fan Karinthië woe de reedriders graach persoanlik lokwinksje.

Haider is de âld-lieder fan de FPÖ, in rjochtse frijheidspartij. Foarsitter Koopman fan de organisaasje fan de tocht wol dêrom net dat Haider nei de priisútrikking komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)