Snoeie yn bestimmingsplannen

© Omrop Fryslân
De gemeente Achtkarspelen bringt it tal bestimmingsplannen de kommende jierren werom fan 90 nei 20. Foar in soad nijbougebieten by doarpen waarden oant no ta ôfsûnderlike planne makke. Dy wurde no kombinearre ta ien plan per doarp. Ek wurde de plannen oanpast oan de hjoeddeistige regels.
No sitte der noch wol ris grutte ferskillen yn bestimmingsplannen. Wat ûnder it iene plan wol boud wurde mei, mei somtiden ûnder it oare net.