Nij fûns foar achterstân kultuer

24 jan 2003 - 00:00

De provinsje wol mei Grinslân en Drinte 1 miljoen euro ekstra fan it Ryk hawwe foar it fuortwurkjen fan de achterstân op kultuergebiet. Dat jild moat nei in nij Noordelijk Productie Fonds gean. De provinsjes ferdûbelje it bedrach dan.

It fûns is bedoeld foar in teateroplieding, poadiumkeunsten, klassike muzyk en byldzjende keunst. Fierder moatte keunstners út oare parten fan Nederlân stimulearre wurde om harren yn it noarden te fêstigjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)