Coopmanshûs nei Martenahûs?

24 jan 2003 - 00:00

De gemeenteried fan Frjentsjerteradiel wol it musum it Coopmanshûs ûnderbringe yn it monumintale Martenahûs. De ried wol dat, sa waard tongersdei dúdlik, omdat it besteande museum fertutearze is en ek net mear feilich foar de besikers. Eardere plannen, lykas in museum ûnder de grûn, wiene te djoer.

Oft it Martenahûs wol gaadlik is moat noch bliken dwaan. De ried wol no dat it kolleezje ûndersiket oft it museum hjir ûnderbrocht wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)