Fiif Friezen yn Twadde Keamer

23 jan 2003 - 00:00

Fiif ynwenners fan Fryslân binne woansdei streekrjocht yn 'e Twadde Keamer keazen. It giet om Joop Atsma, Roland Kortenhorst en Rendert Algra foar it CDA en Jacques Tichelaar en Piet Straub foar de PvdA.

Yn tsjinstelling ta no hawwe de VVD en de LPF yn 'e nije keamer gjin Fryske keamerleden mear yn 'e fraksje. It tal Fryske keamerleden kin noch op seis komme as Tineke Huizinga(CU) mei foarkarstimmen yn 'e keamer komt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)