Hegere opkomst keamerferkiezings

© Omrop Fryslân
De opkomst yn Fryslân by de Twadde Keamerferkiezings wie 83,5 persint. Dat is in lytse twa persint mear as by de ferkiezings fan maaie ferline jier.
Ek yn Fryslân is de PvdA fan Wouter Bos de grutte winner. De PvdA waard yn in soad gemeenten, lykas Smellingerlân en Ljouwert, de grutste. It CDA wist de winst fan ferline jier ridlik fêst te hâlden. De LPF ferlear sterk. Foar de útslaggen yn Fryslân sjoch Omrop Fryslân Text 740-773.