Coopmanshûs ek op ynternet

© Omrop Fryslân
Museum 't Coopmanshûs yn Frjentsjer is fan woansdei ôf ek op ynternet te finen mei in eigen webside: www.coopmanshus.nl. Op de side stiet ynformaasje oer de histoaryske gebouwen en de kolleksjes. Vrienden van het Museum ha meiholpen oan de side.
Neist tekst is ek byldmateriaal te sjen. Ek is der ynformaasje oer nije en âlde eksposysjes. Fan 7 febrewaris der in nije útstalling mei wurk fan Beth Namenwirth.