Koart pleit asylsikers It Amelân

22 jan 2003 - 00:00

De belangen fan de asylsikers binne net goed ôfwaagd tsjin dy fan it COA sels. Dat sei advokaat Klip dy't de belangen behertige fan de asylsikers op It Amelân. De 58 asylsikers fochten woansdei by de rjochter yn Ljouwert de oerpleatsing nei de wâl oan.

Neffens it COA is dy ôfwaging wol makke. Ek is it COA frij te besluten oer oerpleatsing. Neffens Klip wiene de petearen mei de asylsikers iensidich en wie der gjin romte foar tsjinarguminten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)