Snie op Weissensee spulbrekker

22 jan 2003 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De alternative Alvestêdetocht foar rappe toerriders gie woansdei net troch. Der lei tefolle snie op de Weissensee yn Eastenryk. De organisaasje hat de tocht foar 180 riders sûnder KNSB-lisinsje nei tongersdei ferpleatst. Dêrtroch ha de lanlike wedstriidriders dy't in kritearium ride soenen, frij.

Sneon stiet it iepen NK maratonreedriden foar manlju en froulju op it program.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)