Asylsikers dochs nei St. Anne

22 jan 2003 - 00:00

Asylsikers fan Flylân kinne ein takom wike al yn it nije AZC yn Sint Anne terjochte. Se hoege net earst nei Harns of Frjentsjer ta. Dat makke it COA bekend.

Earst soe it azc yn Sint Anne troch de froastperioade net op tiid klear wêze. De 85 asylsikers op Flylân moasten dêrom yn in koart skoftsje tiid twa kear ferhúzje. Se woene folle leaver langer op Flylân bliuwe, mar it COA fûn dat te djoer. Dat is no net mear nedich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)