Opkomstpersintaazje sawat gelyk

© Omrop Fryslân
In fjirde part fan de Friezen hie foar tolve oere middeis te stimmen west. Gemeenten as Gaasterlân-Sleat, East- en Weststellingwerf, Smellingerlân, Opsterlân en Skarsterlân sitte op of krekt ûnder dat persintaazje. Yn Lemsterlân hie al 28 prosint stimd en yn Wymbrits noch mar 12.
It opkomstpersintaazje is sawat gelyk oan dat fan ferline jier. Dat it hjir en dêr wat leger is, sit him yn it minne waar, neffens de gemeenten.