'Kirgizië' stimt by folmacht

22 jan 2003 - 00:00

De measte Fryske militêren fan de Fleanbasis Ljouwert dy't útsjoerd binne nei Kirgizië, stimme woansdei by folmacht. Dat is de ynskatting fan sergeant-majoor Postma fan de fleanbasis. Wol kinne minsken dy't dat wolle, fia de post har stim útbringe.

Mei inoar sitte der sa'n 150 militêren fan Ljouwert yn Kirgizië. Sy binne dêr om mei F16's stipe te jaan oan Amerikaanske grûntroepen yn Afganistan.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)