Grinzerstrjitwei krijt nij rioel

© Omrop Fryslân
Omwenners binne net tefreden oer de nije ynfolling fan 'e Grinzerstrjitwei yn Ljouwert. De wichtige ynfalsdyk nei it sintrum kriget in nije riolearring. De gemeente wol de dyk tagelyk oars ynrjochtsje mei paralleldiken en parkearplakken. Der lizze lykwols noch twa oare farianten op tafel.
De bewenners binne op de paralleldiken tsjin en sjogge leaver in oare ynrjochting. De gemeente hat noch net definityf besluten wat it wurde sil.