Vermaning moatte út karavans

21 jan 2003 - 00:00

De gemeente Boalsert hat de lang slepende kwestje oer de karavans fan Vermaning wûn. De twa wenweinen stean yllegaal by de sneldyk en de gemeente wol se derwei hawwe. Vermaning stiet der lykwols al jierren mei syn bern.

De Ried fan Steat hat de gemeente no gelykjûn. Reden is dat Vermaning syn beswieren te let yntsjinne hat. De karavanbewenner wol de juridyske striid net opjaan, mar de gemeente tinkt dat de middels no útput binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)