Famke fermist sûnt novimber

21 jan 2003 - 00:00

Sûnt 4 novimber wurdt de 4-jierrige Naomi de Boer fan Boelensloane fermist. It famke waard doe troch har heit fan skoalle helle en sûnt dy tiid is der neat mear fan har fernommen. De mem fan it famke hat yntusken oanjefte dien.

De plysje siket tsjûgen dy't witte wêr't it famke bleaun is. Yn it opspoaringsprogramma Plysjepost op Omrop Fryslân Televyzje woansdei mear oer de ferdwining fan Naomi de Boer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)