'Keunst foar elk betelber'

21 jan 2003 - 00:00

Keunstner Jan Kooistra makket it mooglik dat syn keunst foar elkenien betelber wurdt. De Dokkumer docht dat mei in nije druktechnyk. Mei de saneamde Glicee-print wurdt in digitale kopy fan in skilderij makke. De reproduksje is amper fan it orizjineel te ûnderskieden.

De earste print dy't de bekende Fryske skilder makket is in plaat fan in skûtsje op it Griene Strân fan Skylge. Hy kostet 300 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)