Blokkade haven Lauwerseach

© Omrop Fryslân
Mei boaten blokkearren garnalefiskers tiisdei de haven fan Lauwerseach. Se wolle dêrmei omtinken freegje foar de problemen dêr't se de lêste tiid mei te krijen ha. De blokkade is tusken de middei opheft. De boat nei Skiermûntseach hat gjin lêst fan de aksje.
De fiskers binne bang dat de prizen omleech geane om't de NMa in boete fan 13 miljoen euro oan de hannelers oplein hat.