Fragen oer asylsikers Amelân

© Omrop Fryslân
De steatefraksjes fan CDA en PvdA wolle fan de provinsje Fryslân witte wat de ekstra kosten binne foar it Ryk as de asylsikers op It Amelân noch in heal jier langer yn de opfang wenje meie.
It COA moat de needopfang op It Amelân slute om't der leechstân is yn oare azc's. De Amelanner asylsikers wolle wachtsje mei ferhúzjen om de bern it skoaljier dêr ôfmeitsje te litten. It COA wol de minsken no mei in rjochtsaak twinge om te ferhúzjen.