Mear gearwurking by toerisme

© Omrop Fryslân
De Fryske VVV's en it Noord-Nederlands Buro voor Toerisme, it NNBT, sille dit jier mear gearwurkje. Dat ha beide organisaasje mei-inoar ôfpraat. Sa kinne se Fryslân better promoatsje en jild besparje.
De provinsje is yn 2003 fertsjinwurdige op acht beurzen yn binnen- en bûtenlân. Ferline wike wie dat al op de fekânsjebeurs yn Utrecht, dit wykein by Boot yn Düsseldorf. It is foar it earst dat de VVV's en it NNBT sa gearwurkje.