Avanti wint Midwintercup

© Omrop Fryslân
Avanti hat sneon de Midwintercup wûn. Yn de finale fan de sechtjinde edysje fan de Midwintercup, it iepen Frysk kampioenskip sealfuotbal, wûnen de Stiensers mei 2-1 fan Foarút út Menaam. It wie de earste kear dat Avanti de Midwintercup wûn.
By de froulju gie de winst nei in ploech fan bûten Fryslân. HZVV fan Hoogeveen wie mei 1-0 te sterk foar de froulju fan Heerenveense Boys.