Audysjes foar Kening Lear

© Omrop Fryslân
Toanielselskip Tryater hâld sneon de audysjes foar it spektakelstik Kening Lear. Mear as sechtich Fryske amateur- spilers kamen nei Ljouwer om gading te meitsjen nei de tweintich beskikbere rollen foar de Frysktalige Shakespeare- klassiker.
Kening Lear stiet ûnder rezjy fan artistyk lieder Jos Thie. It is syn ôfskiedsprojekt foar Tryater. It stik wurdt opfierd yn it Frysk Hynstesintrum yn Drachten, yn maaie dit jier.