Te min jild foar ROM-projekt

© Omrop Fryslân
Boeren yn súdeast-Fryslân dy't meidwaan wolle oan it ROM-projekt binne poer. In soad boeren wolle har lân ferkeapje oan it ROM-projekt sadat der natuergebiet fan makke wurde kin. De oankeap fan lân stiet lykwols stil om't it Ryk gjin jild mear hat.
Guon boeren yn it gebiet hawwe har al jierren taret op de ferkeap fan in grut part fan harren bedriuw. Sy lieten fan harren hearre op in gearkomste op 'e Himrik freedtejûn.