Garnalefiskers fiere aksje

© Omrop Fryslân
De garnalefiskers fan Lauwerseach sille tiisdei de haven dêr blokkearje. Op dy wize wolle se aksje fiere tsjin de boete fan 13,8 miljoen euro dy't de Nederlandse Mededingingsautoriteit har oplein hat.
Mei de aksje wolle de garnalefiskers in dei foar de Twadde-Keamerferkiezings omtinken freegje foar it driigjende baneferlies yn de haven as gefolch fan de boete. De fiskers binne tsjin de boete yn berop gien.