Kultureel erfguod yn kaart

© Omrop Fryslân
De provinsje hat alle gebouwen en grûn mei kultuerhistoaryske wearde op in rychje set. Se steane no allegear op de Kultuerhistoaryske Kaart fan Fryslân, foar elk te besjen op de ynternetside fan de provinsje.
De kaart is freed presintearre yn de Martinitsjerke yn Frjentsjer. De provinsje wol mei de kaart foarkomme dat der boud wurdt op histoaryske grûn. Der is goed trije jier wurke om alle ynformaasje te sammeljen.