Wer les yn Britswert

© Omrop Fryslân
Britswert hie freed foar even wer in skoalle. Bern út it doarp krigen ien dei les yn it âld skoalgebou, dat al fjirtich jier net mear brûkt wie.
De aksje wie in protest fan de bern tsjin de ûnfeilige rûte dy't se alle dagen fytse moatte. Op wei nei har skoalle yn Wiuwert moatte se in drokke provinsjale dyk oerstekke. De Britswerter âlden wolle graach dat der in fytstunnel komt, mar de provinsje wol dêr net oan.