Boetes: fiskôfslach faaks ticht

© Omrop Fryslân
De Twadde-Keamerfraksje fan de PvdA hat fragen steld oan minister Veerman fan lânbou oer de wurkgelegenens fan de garnalefiskers. De PvdA tinkt dat de boetes fan de NMa, de Nederlandse Mededingingsautoriteit, grutte gefolgen hawwe sille. De fiskers ferwachtsje dat de skippen net mear útfarre kinne en dat de fiskôfslach ticht gean sil.
De NMa hat de garnalesektor hege boetes oplein fanwege it meitsjen fan priisôfspraken.