Bou fan brêge by Bullepolder mei

© Omrop Fryslân
Miljeudefinsje hat it_lid_op_de_noas krigen. By de rjochtbank hie de feriening in skrassingsfersyk yntsjinne om de boubrêge by de Bullepolder te kearen. Dat fersyk is ôfwiisd.
De tydlike brêge komt op de krusing Grinzerstrjitwei en Anne_Vondelingwei. De brêge wurdt no al boud om de oerlêst foar fûgels en wettersporters te beheinen. Pas mei tastimming fan de rjochter foar de bou fan de wenwyk mei de brêge brûkt wurde.