Friesland College is nominearre

© Omrop Fryslân
It projekt Werken met de Stad fan it Friesland College is nominearre foar de Nasjonale Underwiispriis. Mei it projekt kinne learlingen har ien jier oriïntearje op har beropskar. De oplieding is benammen rjochte op de hoareka, soarch, wolwêzen, hannel en administraasje. It opdwaan fan ûnderfining stiet sintraal.
De ûnderwiispriis is in inisjatyf fan it Instituut voor Nationale Onderwijs Promotie.