Brân by Arriva op It Fean

17 jan 2003 - 00:00

Twa loadsen mei fiif bussen binne tongersdei op It Hearrenfean troch in fûle brân ferlern gien. It materiaal is fan Arriva en stie oan de Trambaan by it NS-stasjon. Der wie gefaar dat it fjoer oerslaan soe en fanwegen de reek moasten tritich huzen oan de Herenwal evakuearre.

In pear lûde eksploazjes alarmearren de bewennners om njoggen oere. Korpsen út de buert holpen de Feanster brânwacht stypje. De oarsaak is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)